• Home

Wolkom op de "Fria Fresena"...

schipIs in, as oldtimer frachtskip nijboude, “Luxe Motor 24”, mar as in cruiseskip útrist en ynrjochte en leit te wachtsjen om jo in lúkse, eigensinnige, sels yn te foljen farfakânsje te besoargjen dy’t rekken hâldt mei alle winsken dy’t jo hawwe.

Jo kinne farren kombinearje mei fytsen, kuierjen, kultuerele útstapkes, noflik neat dwaan ensafierder, ek kanofarre, roeie of sile is mooglik. Farre mei in orizjineel motorskip op de Fryske, Nederlânske of Europeeske marren, kanalen, rivieren of kustwetters jout pas it echte fakânsjegefoel. Kultuerele, histoaryske besites oan, en kuiers troch de stêden en doarpen by de rivieren en kanalen lâns, kinne hast net oerslein wurde.

Sjoch op 'Fria Fresena konsept' om ús ideeën oer in eigensinnige fakânsje of in saaklik arranzjemint ût te finen. We hawwe fan’t jier ek noch twa Spesjaal foar jo: In Alvestêdetocht yn Fryslân. Hjirby dogge wy alle 11 histoaryske stêden en stedsjes oan. It Skûtsjesilen de wedstriden tusken tradisjoneel farrende frachtskippen op de Fryske marren.

Jo hiere feitlik in motorskip mei bemanning om fan in ûntspannen, wol of net aktive farfakânsje te  genietsjen. Jo wane jo op in cruiseskip mei it grutte ferskil dat jo sels bepale wat der dien wurdt en wêr’t de reis hinne giet binnen it "Fargebiet".

landschapDe “Fria Fresena” is eigendom fan FettBen Shipping en ûntlient har namme oan it gedicht  “Eala Fria Fresena” dat Pieter Jelles Troelsta om 1886 hinne skreau. It is in prachtich orizjineel eagjend skip. It is ûntstien út de histoaryske “Lukse Motor” ûntwerpen út de tweintiger jierren fan de foarige ieuw.
It "orzjineel ûntwerp", de tekeningen fan de Fa.Boot út  Alphen aan de Rijn, binne yn it skipfeartsmseum yn Rotterdam fûn.
It "Algemien Plan" en de "3-D modellen" binne op dizze tekeningen basearre.

De “Fria Fresena” is boud neffens de regels en foarskriften fan de “Directive Pleasure Craft 94/25 EC, CE Category B”*, nei mjitstêven fan it Nederlânske Ministearje fan Ferkear en Wettersteat. Klassifikaasje buro DCI**begeliede en ynspektearre it ûntwerp en de bou en fersoarge de offisjele sertifisearring. De Fria Fresena foldocht oan alle easken. Lês en ûntdek mear op dit webskerm en/of freegje om mear ynformaasje fia: This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it. of skilje 0625 104 498

(*)      “Rjochtline plesierboaten 94/25 EG, Kategory B” fan it Europeesk Parlemint en de Europeeske Ried.
(**)    “DCI; Dutch Certification Institute” it troch de Nederlânske regering oanwiist klassifikaasjeburo; Notified Body nr. 0613.
(***)  Alle ûntwerptekeningen, berekkeningen en dokumintaasje en ek de bou en útrêsting binne DCI goedkard en CE sertifisearre.

 

FaLang translation system by Faboba