Akkommodaasje

It skip is ûntwurpen en boud foar plezierfeart, mar ek geskikt om foar langere tiid op te libjen of sels foar permanente bewenning. Op it plak dêr’t oarspronkelik it rom wie binne no de keuken en de salon. De eardere skipperswenning wurdt no brûkt as hut fan de kaptein.De beide hutten foar de gasten binne berikber  fanút de salon.

Details
Jo komme binnen yn de stjoerrûmte. Dat is hiel rûm opset. (it iennige kompromis ferlike mei it silhouet fan it âlde, oarspronkelike skipsûntwerp) en biedt mei har trettjin kante meter in prima akkomodaasje tidens en nei it farren. De navigaasje en betsjinning barre hjir,stipe troch in wiidweidich “navigaasje paniel”. It dak kin der ôf en de sydkanten kinne delklapt wurde. Dêrtroch is de trochfarhichte mar 3.0 meter.

salonSalon
Fia in moaie ikenhouten trep komme jo yn de salon. De salon, navigaasjehoeke en iepen keuken hawwe mei-noar in opperflak fan 34 kante meter en binne folslein ynrjochte as in hjoeddeisk appartemint mei hjoeddeiske apparatuer: Goatstien mei waarm en kâld wetter,  keramyske itensiedersplaat, ûne, magnetron, kuolkast/friezer en in ôfwaskmasine. De waskmasine/droeger stiet yn de masinekeamer. 

Keuken en salon binne troch in bar en ythoeke fan inoar skieden. De kaartetafel (navigaasje/administraasje hoeke) hat mooglikheden om jo laptop oan te sluten en der is in mobile ynternetferbining oan board. Yn de rûme sithoeke is ûnder oaren in tillefyzje (digitenne en skûtel), dvd-spiler en in audio stereo set mei 4 boksen.

gastenhuttenUtfanhuzerskeamers
De twa “útfanhuzerskeamers” mei twapersoans bêden binne elts 6,5 kante meter, hawwe 2,5 mter steanhichte en in mienskiplike baaikeamer mei brûs, húske en waskbak. De bêden binne lykas in bedstee. Yn de salon kinne twa sitbanken yn in omsjoch omtsjoend wurde ta twa twapersoans sliepbanken.


captainscabinetKapteins rûmteDe skippershut is om ende by 15 kante meter, hat in twapersoansbêd en in rûme baaikeamer mei brûs, waskbak en húske. Houliksreis of oare spesjale gelegenheid? De skipper is bêst ree syn hut ôf te stean foar spesjale gelegenheden of spesjale reizen

Freegje ynformaasje. Der is in lytse garaazje/opslachrûme (4.0 x 2 meter) ynboud ûnder de lûken, boppe de bedsteden fan de útfanhuzerskeamers. Dêr kinne de fytsen eventueel ûnder dek oan de kant set wurde. Alle rûmtes hawwe sintrale ferwaarming, airconditioning en meganyske fentilaasje. De salon hat boppedat iepenslaande bopperuten.

Sinne oanbidders hawwe alle rûmte op foar- en/of efterdek of op de lûken.