Maidentrip

maidentripDe Fria Fresena is boud op in skipswerf yn Bezdan tichtby Sombor, omtrint 10 km oer de grins tusken Hongarije en Servië. Doe’t se yn july technysk farklear wie is se nei de Donau fearn dêr’t de Nederlânske flagge derop setten wurde koe (de Donau is internasjonaal farwetter). Stream op gong it nei it Donau/Mainkanaal en dêrnei fia de Main en de Rijn stream ôf nei de Isel en de Iselmar. Yn Starum hie se foar it earst Frysk wetter ûnder de kyl. De maidentrip einige nei 2200 km en 68 slûzen yn har hjoeddeiske thúshaven Snits.

Klik op “Fotoalbum Maidentrip” foar in diashow fan 120 bylden mei ûndertiteling út Servië wei nei Fryslân ta.