Mear technyk

Dizze “Lúkse Motor 24” is ûntwurpen en waard boud yn oerienstemming mei de regels en easken fan de “Directive Pleasure Craft 94/25 CE Category B” wêrby’t ek noch de regels fan“Loyd’s Register of Shipping for Pleasure Craft” yn acht nommen waarden. Sy is CE kategory B sertifisearre. (DCI; Notified body nr. 0613) en dat bewiist har kwaliteit en feiligens.

De masinekeamer is hiel rom en sit ûnder de stjoerhut. Dêr stiet de 180 pk Cummins 6 silinder disel wêrmei’t in maksimum faasje fan rûn de 9 knopen (16 km/oere) helle wurde kin. De krúsfaasje leit om de 10 oant 12,5 km/oere hinne om’t op de Nederlânske kanalen de maksimum faasje 12,5 km/oere of minder is.

It elektryske systeem wurdt fuorre troch in 30 kVA generator yn in aparte masinekeamer foaryn it skip. Dy generator wurdt oandreaun troch in 4 silinder Mitsubishi. Hy fuorret de húshâldlike apparatuer  streekrjocht en laadt de akku’s fan it  24 Volt systeem wêr’t de rest fan de apparatuer op draait. In 24 nei 220 omfoarmer soarget der foar dat der permanint 220 Volt beskikber is foar tillevyzje,  kompjûter, ynternet en, net ûnbelangryk, de kuolkast, ek as de generator net wurket en der gjin wâloansluting is.

Stjoerynrjochting (ynklusyf de auto pilot) en ek de boechskroef en ankerlier  wurkje hydraulysk (ek mei de hân te betsjinjen). Foltankt is de diselfoarrie 2600 liter en en de drinkwetter foarrie 3000 liter (goed foar 3 wiken farren). De smoarchwetter- en bilgewettertanks hawwe in totale kapasiteit fan mear as 3000 liter.

De Fria Fresena hat Sintrale ferwaarming, Air Conditioning en hat dêrneist goede fentilaasje systemen. Reek- en waarmtemelders soargje foar in goede brânbefeiliging. In kamara foarop it skip soarget foar “deade hoek” en “algemiene”befeiliging.