Eigensinnige farfakânsjes

FettBen Shipping biedt jo

in eigensinnige, sels yn te foljen farfakânsje. Jo farre op in manier dy’t jo sels graach wolle en jo kinne de rûte foar it grutste part sels útstippelje binnen ús 'fargebiet'. Boppedat kinne jo in eigen groep gearstalle.

schipOpfarrenden/gasten……….Jo dus . . . .
We farre mei “steltsjes”, groepkes kameraden, kameraatskes of mei fan beide trochinoar. By need kin it ek mei yndividuele dielnimmers (minimaal 2 en maksimaal 8 persoanen). Alle mooglike “spannende” kombinaasjes binne mooglik as jo it mar net slim fine mei immen oars op in twapersoans bêd te sliepen.

Jo kinne ek hiel goed it skip mei bemanning hiere foar ien of twa wiken en hielendal sels jo fakânsjematen útsykje. Dan meitsje jo ek sels it farplan (mei de skipper fansels) Jo kinne dan ek sels, as jo dat wolle iten en drinken fersoargje. En . . . .as der wat spesjaals te fieren is (houliksreis of sa)………..dan soe de slieprûmte fan de skipper beskikber steld wurde kinne.

wandelenFarre en fytse of farre en kuierje of…….
as jo farren kombinearje wolle mei fytsen of kuierjen dan is dat fansels mooglik.Wy kinne jo eigen fytsen mei oan board nimme (foarkar) of wy soargje foar hierde fytsen. Sels bromskoeters soene mooglik wêze. Wy kinne ek ôfprate dat jimme (of in part fan de groep) in stik fan de rûte op de fyts of rinnend dogge en dat wy inoar op de neimiddei wer ergens oan it wetter treffe. As jo sile, roeie of kanofarre wolle, soargje wy dat der boaten beskikber binne.

Kultuerele ûntdekkingsútstapkes.
In hiele soad fan de stêden en doarpen dêr’t wy troch farre hawwe kulteur histoaryske wearde. Se binne ommers yn in skier ferline ûntstien oan de kant fan de “ferkearsieren” fan doe, fier foar’t der oare ferfiersmooglikheden wiene. De oanlisplakken lizze meastal yn of tichtby de âldste stikken fan dy stêden en doarpen. Wy kinne dêr oanlizze sadat jo op ûntdekkingsreis kinne.

dorpenJûns lizze we oan yn in smûk havenstedsje en sykje jo yn prinsipe sels in restaurant en as jo dat wolle in kroech. Mar as jo earne yn de natoer oernachtsje wolle is dat ek mooglik. Dan sykje wy in moai plakje dêr’t de nacht noch tsjuster is en de natoer te rûken en te fielen. Jimme kinne oan board meiinoar itensiede of troch de bemanning bedoarn wurde. Fansels is de bar oan board iepen.

Heal pensjon
Us prizen binne basearre op heal pensjon. In wiidweidige moarnsbrogge en in ienfâldich middeismiel of in brochje foar ûnderweis foar fytser of kuierder sitte by de priis yn. As jimme wolle wurdt waarm iten oan board optsjinne.Wy farre deis krekt safier as jimme wolle en nei it plak dat de groep kiest. Fansels yn oerlis mei de skipper yn ferbân mei technyske en/of nautyske mooglikheden of ûnmooglikheden. By in hiele soad kilometers of faroeren wurdt mooglik in supplemint yn rekken brocht. Sjoch op de side “Data en Prizen” foar de prizen.