Spulregels en reservearje

Spulregels oan board
Oan board fertelt de skipper hoe’t men him hâlde en drage moat oan board. Foar ús tochten is ûnderfining net nedich. As jo dat graach wolle leare jo ûnderweis it krekte fan it farren fan de bemanning.

Fersekering en Feiligens
De Fria Fresena is allrisk fersekere en der is in fersekering foar meifarders. De Fria Fresena hat in CE kategory B sertifikaat. De skipper en it skipperske hawwe de papieren en ûnderfing dy’t nedich binne. Oan board is in EHBO-kiste oanwêzich, lykas foldwaande swimfesten. Ek om wille fan de feiligens wurdt elkenien frege tidens it farren net te folle alkohol te brûken. Sa bliuwt elkenien aktyf en genietsje jo mear fan it farren.

Waarsynfloed
Rein is gjin reden om net te farren. By hurde wyn en by tichte mist beslist de skipper of, hoe en wêr’t der fart wurdt.

Klean
In part fan de sjarme fan it farren is it ôfhinklik wêzen fan it de eleminten. Wol of net moai waar is in rom begrip oan board. It waar is hast nea spulbrekker, mar hat folle mear in net te foarsjenne ynfloed op jo farfakânsje dy’t hast altyd goed útpakt. Soargje foar de wissichheid altyd foar waarme,wyn- en wettertichte klean en stevige skuon. In kreet dy’t jo faak hearre oan board: Der bestiet gjin min waar mar wol minne klaaiïng.

Bern oan board
Bern jonger as tolve jier binne ûnder begelieding fan in folwoeksene fan herte wolkom oan board. By in boeking wolle wy graach witte oft der bern mei geane en hoe swier’t hja binne sadat wy foar goede swimfesten soargje kinne. Wy wolle graach safolle mooglik bydrage oan in goede organisaasje fan jo farfakânsje. Hjirûnder fine jo wat tips en oanrikkemedaasjes. Graach oant sjen oan board!

Wize fan reservearjen
It is goed om foarôf, foar’t jo it  “reservearingsformulier” ynfolje, in oantal saken op in rychje sette:

  • Mei hoefolle persoanen wolle jo farre, of wolle jo skip en bemanning hiere?
  • Op hokker datum wolle jo oanmeunsterje en wannear ôfmeunsterje?
  • Hawwe jo samooglik alternative data?
  • FettBen Shipping giet út fan heal pensjon. As jo “full board” wolle moatte jo dat oanjaan.
  • Yngefal fan “skip hiere”hawwe jo sels de soarch foar iten en drinken oan board. Of wolle jo dat wy dat foar jo dogge? Dan graach oanjaan hokker bedrach jo besteegje wolle.

Jo binne altyd wolkom om foarôfgeand oan jo reservearring Fria Fresena te besjen. Skilje ús foar de mooglikheden.
Nei’t wy jo formulier krigen hawwe, binne jo foarlopich boekt en krije jo dêr binnen in pear dagen in befêstiging fan, tagelyk mei in offerte/faktuer.Jo reservearring wurdt pas definityf op it stuit dat wy it folsleine bedrach fan de offerte/faktuer krigen hawwe.(binnen 8 dagen nei it ferstjoeren fan de befêstiging/offerte/faktuer).
As jo it iten en drinken troch ús fersoargje litte krije jo hjirfoar de faktuer oan it begjin fan jo fakânsje.

Annuleringsregeling
It is mooglik om skip en oare oanfoljende saken te annulearjen.
Jo bliuwe ús dan wol in part fan de hiersom skuldich.
Jo krije de helt werom betelle as jo mear as 14 dagen foar de oanmeunsterdei annulearje en 10 prosint as dat binnen dy 14 dagen bard.

FaLang translation system by Faboba