Alvestêdetocht

elfstedenIn Fryske “Alvestêdetocht” is sûnder mis in oanrieder.

“Doe’t der noch echte winters wiene” . . . .  wie in Alvestêdetocht in bjusterbaarlik barren. De marren en kanalen dy’t de âlve stêden ferbine, feroaren yn in geweldige, mear as 200 kilometer lange iisbaan dêr’t in pear hûndert wedstriid riders en 15.000 toerriders de eleminten treast wiene.

Yn flymjende kjeld, iiskâlde wyn, snie, hagel en izel waarden de dielnimmers ta helden dy’t soms mei beferzen teannen of oars wat oan de ein kamen. De winner is foar ivich ferneamd.

Wy dogge, as jo dat wolle, de tocht yn in wike mei de boat, midden yn de simmer. As ekstra attraksje kinne wy “bûtenom”fia it Iselmar en de Waadsee. Fan Starum fia Hylpen en Warkum nei Harns of oarsom yn tsjinstelde rjochting. De oare plakken berikke wy oer de ferneamde Fryske kanalen en marren.

Wy lizze yn alle stêden oan. Se hawwe allegearre “stedsrjochten” en binne allegearre like âld  Jo kinne der wat omkuierje en de histoaryske plakjes bewûnderje. Dokumintaasje en as jo wolle in gids binne beskikber mar ynformaasje kin ek fia ynternet fûn wurde.  Wy oernachtsje yn of by de stêden dy’t jo kieze.

Klik op de link of op de foto en jo krije 20 foto’s ût 10 fan de 11 Fryske stêden te sjen.

As jo de folgjende fragen foar of nei jo farfakânsje goed beantwurdzje kinne krije jo 10 % fan de basis boekingspriis werom betelle.

a. Hokker stêd is net yn de searje opnommen?
b. Yn hokker folchoarder steane de oare 10 stêden dy’t wol meinommen binne?