Skûtsjesilen

skutjeIn oare topper is it folgjen fan it “Skûtsjesilen” fan SKS en IFKS. Dizze wedstriden meist feitlik net misse. Sa’n 75 orizjinele, mear as 100 jier âlde silende frachtskippen, de Skûtsjes, sile yn twa organisaasjes en 5 ferskillende klassen trije wiken lang op 16 ferskillende plakken yn Fryslân.

Wy farre mei de Skûtsjefloat en al har folchskippen mei fan wedstryd nei wedstryd. Wy sjogge spektakulaire sylwedstriden en priuwe de sfeer tidens en foaral ek nei de wedstriden.  Jûns is der altyd en oeral feest.

Wy folgje de wedstrydfloat, belibje de wedstriden, fiere feest mei skippers en bemanningen, sliepe oan board en farre de oare dei nei de folgjende wedstryd. Pear dagen? Hiele wike? Alle wedstriden?

In prachtige gelegenheid foar in groep freonen en/of freondinnen. De wedstriden wurde organisearre yn de wiken 29, 30 en 31, tusken 12 july en 2 augustus. Tink der om dat der op tiid reservearre wurde moat.

Klik op de foto of op “Diashow Skutjesilen” foar in diasearje.

Mear witte? Wifkje net om kontakt mei ús op te nimmen:
This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it. of 06 2510 4498.



FaLang translation system by Faboba